De Teätertsjerke yn Jellum, het Mammemahuis, is in unike lokaasje mei in bjusterbaarlike skiednis, dêr’t belibje foarop stiet.
Tûzen Triennen fynt it dan ek geweldich dat wy ús nije repertoire hjir bringe meie.
Mei muzikale begelieding fan de trije mannen dêr’t wy absolút net sûnder kinne: pianist Tseard Nauta, gitarist Joop Schulp en dirigint Marcin Rachula.
Dit wurdt grif in prachtige belevenis foar sawol koar as publyk. Komme jim ek? Kaarten fia https://www.mammemahuis.nl/agenda/tuzen-triennen
Ek noch lekker ite?
Foar of nei ús optreden kin men ek noch lekker ite by eetkafé Jonker Sikke, tsjinoer de tsjerke. Sjoch foar mear ynformaasje op www.mammemahuis.nl

