Us koar hat al earder in machtich moai optreden jûn foar de senioren fan Grou.
Dat wie begjin maart 2020, krekt foar’t it covid firus alles op ‘e kop sette.
No komme wy werom mei nij repertoire en ûnder lieding fan in oare dirigint, Marcin Rachula.
De muzikanten binne noch deselde as doe: toetsenist Tseard Nauta en gitarist Joop Schulp.
Dizze middei is allinnich tagonklik foar leden.
