Oer ús

Doe en no:
It is nijjiersdei 1997 as der tidens de nijjiersresepsje yn doarpshûs Britsenburgh in pear froulju út Britsum mei it idee komme om in frouljeskoar te begjinnen. Gewoan gesellich sjonge mei froulju ûnder elkoar.

En sa kaam der op 14 febrewaris 1997 in earste repetysjejûn fan it jankfoddekoar yn Britsum, û.l.f. dirigint Marjan van der Zwaag (ien fan de inisjatyfnimsters). Sy spile op it keyboard en soarge yn earste ynstânsje ek foar wat aardige ferskes. Mar al gau gienen der stimmen op dat we eigen ferskes ha moasten, yn elts gefal mei eigen teksten. Ek wie in mearderheid der foar om dit yn it Frysk te dwaan. In muzykkommisje waard yn it libben roppen en der moast in bestjoer komme. In nij koar wie berne. Om de 14 dagen repetearje, mei in soad wille.

Nei in skoft hawwe wy de stoute skuon oan lutsen en stienen we te sjongen op it `straatfestival´ yn Ljouwert. En dat ha wy witten…`Wolle jimme ek ris foar ús sjonge? Wêr komme jimme wei? Wat kostet in optreden fan jimme? Ha jimme ek in folder?´ It sloech oan, minsken woene ús boeke!

In echte namme hiene wy de earste jierren noch net. `It Jankfoddekoar´ waard it neamd. Yn Britsum en omjouwing al gau koartwei `De Fodden´. Dat moast oars. Mar it duorre efkes oant de perfekte namme foel. It wie Doutsen Langhout (ek ien fan de inisjatyfnimsters) dy´t mei `Tûzen Triennen´ kaam. Dat wie it!

Diriginten
Doe’t ús earste dirigint Marjan troch in ferhuzing ophold, wie dat spitich. Mar der wie gjin sprake fan dat dêrmei in ein komme soe oan it bestean fan it koar. It foel net ta om in nije dirigint te finen dy´t by dit unike koar paste, mar dochs ha wy der ien fûn. In man dit kear.
Wytse Hospes seach it sitten en hat ús yn twa jier tiid nei in heger nivo brocht. Nei in pear jier joech Wytse it dirigintstokje wer troch.
Fan 2002 oan’t 2009 begeliede Geertje Kingma ús as dirigint én op de piano of akkordeon. Net mei in stokje mar mei in knikje fan har holle joech sy oan wannear it koar ynsette moast. 
Dêrnei hat Marijke Rodenburg ús hiel wat jierren yn ‘e stringen hâlden. Troch har ynset binne wy der sjongtechnysk en ek kreatyf oangeande in stik op foarút gien.
Ein 2022 hawwe wy ôskied fan har nommen en hat ús âld dirigint Marjan van der Zwaag it stokje wer tydlik oernaam. En hoe! Marjan hat it sjongfjoer hielendal werom brocht yn it koar. Mei har ha wy wurke oan it programma “Refurbished”.
Dêrnei hat Jolanda Miedema in skoftke foar ús koar stean, Hja lei de klam foaral op ritme en harmonie.
Sûnt septimber 2024 ha wy in nije dirigint, earst foar in proefperioade oant de kryst.   

Muzikanten
Us earste akkordeonist wie Hilly Blaak út Sint Jabik. By ús earste optredens wie sy fansels tige wichtich!  
Joke Burghout wie har opfolgster en wy krigen der ek noch in gitarist by; Tjalling Buurstra. Syn ridels op de akoestyske en elektryske gitaar wiene in goeie oanwinst. Wat ha we mei harren beide in protte bysûndere optredens hân! Letter hiene wy jierrenlang in echt begeliedingskombo mei Tineke en Hendrikus Dijkstra op piano en akkordeon en Joop Schulp op gitaar. In moaie tiid, mei ús toer troch Fryslân mei it programma ‘Sterke Punten’! Yn april 2019 binne Tineke en Hendrikus mei ‘pensjoen’ gean en hat Bertrand Pragt de pianobegelieding in skoftke dien. Doe kaam de stille perioade fan Covid en hat Bertrand it beslút naam in oar muzikaal paad op te gean. Gelokkich ha wy sûnt simmer 2021 yn Tseard Nauta wer in supergoeie opfolger fûn. Tegearre mei Joop jout hy muzikaliteit en kwaliteit oan ús optredens. 

En fierder
Al jierren sjonge wy ferkses fan ferskate sjenres. De jankfodden binne fansels bleaun, mar wy sjonge no meast wat oare ferskes, fan pop, country en blues oant swingende gospel. Mei help fan de meneuvelkommisje is ús útstrieling tige beweechlik en spannend.

De froulju yn it swart mei boa‘s binne in begrip wurden yn Fryslân! Dat wy hieltyd mear bekend wurde merke we oan it tal oanfragen foar optredens en de belangstelling fan de media. We trede op by Omrop Fryslân, steane yn de Friesland Post en de regionale kranten en pleatslike krantsjes. Mei foto fansels.

Us koar hat in logo, in ynternet- en Facebookside, in reklameboerd, fisitekaartsjes en folders. De PR kommisje docht harren bêst om nije optredens binnen te slepen.

De earste CD `Bliksemse Manlju´ seach yn 2005 it ljocht en wie al rillegau útferkocht. Yn 2014 wurdde de twadde CD `Frijer’ útjûn. Beide CD’s binne no útferkocht.

Wy kinne dus wol stelle dat wy as koar troch de jierren hinne enoarm groeid binne. En dat wy aardich oan de dyk timmerje. Dat giet net fansels. It stiet of falt mei ûndernimmende bestjoersleden, in aktive muzyk-, PR- en meneuvelkommisje, leden dy´t teksten skriuwe, in entûsjaste dirigint en muzikale begelieding. En, it moat hjir dochs efkes sein wurde, ek ús mannen tinke mei en sette harren no en dan yn foar ús koar.

Tûzen Trienen is in koar dat op kreative wize hieltyd meigiet mei de tiid. Wêr’t de leden mar net âlder wurde… Dat unyk is yn Fryslân en dêr bûten. En altyd fleurige en ferrassende optredens jout.

Koartsein:
Tûzen Triennen is in koar om grutsk op te wêzen. En dat binne wy dan ek!