Muzyk
Us dirigint en twa muzikanten
Tûzen Triennen stiet of falt mei de begelieding fan dizze trije muzikale minsken. Hjirtroch kinne wy ferkses fan ferskate sjenres sjonge. De jankfodden binnen fansels bleaun, mar meast sjonge wy no wat in oare soart ferskes, fan blues en pop oant swingend.
Marjan van der Zwaag
Yn 2023 gean wy mei de tige entûsjaste ynbring fan ús nije dirigint Marjan oan ‘e slach. Marjan jout ús koar wer in soad nije ynspiraasje en sjongwille.

Marjan
Joop Schulp
Mei it lûd fan syn beide gitaren jout Joop fan 2014 ôf krekt wat ekstra body of sjeu oan ús ferskes. Wy binne tige wiis mei syn ynbring.
Tseard Nauta
Sûnt simmer 2021 is Tseard ús pianist. Mar hy kin folle mear as pianospylje. Soms begeliedt hy ús ek op de akkordeon of fioele. Dit jout wer in hiel nije ‘swing’ oan ús repertoire.
Us repertoire
Tûzen Triennen is ferneamd om har unike teksten. In tal fodden skriuwt dy op bekende melodyen. Somtiden brûke wy itselde tema as by it orizjineel. Mar meastal jouwe wy der in eigen draai oan, mei in ûnderwerp dat better past by it libben en de leafde fan froulju.
- Puppet on a string (Sandie Shaw) is by ús bygelyks: Poepert!
- The bargain store (Dolly Parton) ha wy yn in nij jaske stutsen en hyt no: de Vintageshop
- Big spender (Peggy Lee/Shirley Bassey) hat by ús as titel krigen: Rûchhouwer!
- En yn stee fan Something Stupid (Robbie Williams & Nicole Kidman) sjonge wy: Knap ûnnoazel
As de muzykkommisje akkoard is komt it nije ferske op de sjonglist en meitsje wy der ûnder lieding fan de meneuvelkommisje ferskillende bewegings of in grappige akt by.
Nijsgjirrich wurden? Kom in kear del by in optreden fan Tûzen Triennen. Op ús aginda kinsto fine wêr’t wy de kommende tiid optrede.
Of, noch folle better, boek in optreden foar jim feriening, stifting, doarp, ynstelling of organisaasje. Nim dêrfoar kontakt op mei Dieneke. Under it kopke kontakt stiet hoe’t sy te berikken is. Wy kinne mei ús koar in middei of jûn foar jim fersjoargje. Mar jim kinne ús fansels ek boeke tegearre mei in oare akt. Bygelyks mei in oar (manljus)koar, in duo of mei in skriuwer of sokssawat.
Wy hearre graach fan jim!