Thús

Fan herte wolkom op ús ynternetside!

Tûzen Triennen yn it koart
Al hast 30 jier witte wy mei ús frouljuskoar it publyk te boeien en te reitsjen! Dat sit ‘m net allinnich yn de muzikaliteit en fariaasje fan ús optredens, mar seker ek yn ús entûsjasme, ferrassende akts op en foar it poadium en it praatsje tusken de ferskes. Op bekende melodyen skriuwe wy sels ús teksten, altyd yn it frysk. Dy teksten geane oer wat ús froulju dwaande hâldt en kinne hiel gefoelich wêze of just humoristysk. Ek foar net Frysktaligen is de betsjutting fan ús ferskes goed te sjen en fielen. Us repertoire rint útien fan libbenslied oant pop en country en wy sjonge meast trijestimmich, mei soms in solo. Tûzen Triennen wurdt begelaat troch pianist Tseard Nauta, gitarist Joop Schulp en dirigint Marcin Rachula. Tegearre mei dizze geweldige muzykmannen meitsje wy fan elk optreden in feestje!

Noch ien optreden dizze hjerst, en wát foar ien!!!
Op moandei 16 novimber sjonge wy yn ‘e fernijde grutte seal fan de Harmonie yn Ljouwert, mei lanlik bekende artysten as Marco Bakker, Syb v/d Ploeg en René van Kooten. Der binne noch kaarten te reservearjen! Sjoch foar mear ynformaasje yn ús Aginda.

Plak foar nije sjongers
Soesto by ús sjonge wolle? Sjoch dan foar mear ynformaasje by it kopke Ek by ús sjonge?
Foaral hege en middenstimmen binne tige wolkom!

Us boeke of earst wat mear witte?
Jim kinne ús boeke foar in spetterend optreden foar jim dielnimmers, meiwurkers, besikers of frijwillichers! Nim dêrfoar kontakt op mei Dieneke, fia de knop Kontakt. Sy sil jim graach ynformearje oer ús mooglikheden en de kosten en mei jim in optreden ‘op maat’ regelje, op in middei of jûn.

It hjoeddeistige bestjoer

  • Wikje de Vries – foarsitter
  • Adrie Okkema – skriuwer
  • Marian Drewes – ponghâlder
  • Dieneke Hamstra – kontaktpersoan optredens
  • Fetsje van der Werff – kontaktpersoan PR kommisje