Muzyk

Us dirigint en twa muzikanten

Tûzen Triennen stiet of falt mei de begelieding fan dizze trije muzikale minsken. Hjirtroch kinne wy ferkses fan ferskate sjenres sjonge. De jankfodden binnen fansels bleaun, mar meast sjonge wy no wat in oare soart ferskes, fan pop, country en blues oant swingende gospel. Ien, twa en trije stimmich.


Dirigint

Sûnt septimber 2024 ha wy in nije dirigint, earst foar in proefperioade oant de kryst.


Joop Schulp

Mei it lûd fan syn beide gitaren jout Joop, alwer fan 2014 ôf, krekt wat ekstra body en sjeu oan ús ferskes. Wy binne tige wiis mei syn ynbring.


Tseard Nauta
Sûnt simmer 2021 is Tseard ús pianist. Hy spilet piano as de bêste! Hjirtroch kinne wy in grut ferskaat oan sjenres yn ús repertoire opnimme.

Us repertoire

Tûzen Triennen is ferneamd om har unike teksten. In tal fodden skriuwt dy op bekende melodyen. Somtiden brûke wy itselde tema as it orizjineel. Mar meastal jouwe wy der in eigen draai oan, mei in ûnderwerp dat better past by it libben en de leafde fan ús as froulju.

  • Puppet on a string (Sandie Shaw) is by ús bygelyks: Poepert! (stie in pear jier yn de Fryske Top 100)
  • The Bargain Store (Dolly Parton) ha wy yn in nij jaske stutsen en hyt: de Vintageshop
  • Big spender (Peggy Lee/Shirley Bassey) hat by ús as titel krigen: Rûchhouwer!
  • De swingende gospel Liefde voor muziek (Raymond v/h Groenewoud) is by ús oerset nei Refurbished 
  • En yn stee fan it moaie Flink zijn (Robert Long) sjonge wy: Glimkje

As de muzykkommisje akkoard is komt it nije ferske op de sjonglist en meitsje wy der ûnder lieding fan de meneuvelkommisje ferskillende bewegingen of in grappige akt by.

Nijsgjirrich wurden? Kom in kear del by in optreden fan Tûzen Triennen. Op ús aginda kinsto fine wêr’t wy de kommende tiid optrede.

Of, noch folle better, boek in optreden foar jim feriening, stifting, doarp, ynstelling of organisaasje. Nim dêrfoar kontakt op mei Dieneke. Under it kopke kontakt stiet hoe’t sy te berikken is. Wy kinne mei ús koar in middei of jûn foar jim fersjoargje. Mar jim kinne ús fansels ek boeke tegearre mei in oare akt. Bygelyks mei in oar (manljus)koar, in duo of mei in skriuwer of sokssawat.

Wy hearre graach fan jim!