Wat in feest! Sneontejûn 11 oktober sjonge wy yn it lytsskalige en sfearfolle teater De Bres.
Us selsskreaune (Fryske!) teksten op bekende melodyen geane oer wat wy froulju allegearre belibje; fan swiere tiden oant blide en grappige mominten, alles komt foarby.
Goed om te witten: ek foar net Frysktaligen is de emoasje en betsjutting fan de teksten altyd goed sichtber en fielber. En dat komt seker mei troch de begelieding fan Tseard Nauta (piano) en Joop Schulp (gitaar) en ús dirigint Marcin Rachula.
Komme jim ek genietsjen fan ús grut ferskaat oan ferskes, de goeie muzyk en gesellige sfear?!