Optreden foar Menisten fan Mid-Fryslân

Sneon 28 februaris sjonge  de froulju fan Tûzen Triennen foar de leden fan de Menisten gemeente Mid-Fryslan.
Wy bringe dizze middei tal fan fleurige en gefoelige ferskes, mei sterke (fryske!) teksten en ferrassende acts.

De muzikale begelieding is yn hannen fan ús pianist Tseard Nauta, gitarist Joop Schulp en dirigent Marcin Rachula.
Tegearre mei dizze geweldige muzykmannen meitsje wy der yn de Lantearne in moai en feestlik optreden fan.