Optreden yn De Groate Kerk fan Sint Jabik

Sneintemiddei 7 desimber litte wy ús nijste repertoire hearre yn it Kultureel Sintrum De Groate Kerk te Sint Jabik.

In middei fol moaie ferskes, fan sfearfol en gefoelich oant fleurich en grappich!
We wurde begelaat troch ús trije geweldige muzykmannen: Tseard Nauta op piano, Joop Schulp op gitaar en Marcin Rachula as dirigint.

Jim binne fan herte wolkom!