Elk dy’t sin hat oan in feestlik optreden fan Tûzen Triennen is fan herte wolkom yn Dronryp!
Wy sjonge op sneontejûn 31 maaie by de Rypster Merke yn d’Alde Wite (Salviuskerk).
Dit is in skitterend Romaans tsjerkje, mei in prachtige akoestyk, dêr’t al ús ferskes goed ta harren rjocht komme.
Dat wurdt dus genietsjen! Komme jim ek?