Thús
Wat aardich datsto efkes op ús ynternetside sjochst. Fan herte wolkom!
Tûzen Triennen yn it koart
Al sûnt 1997 witte wy mei ús frouljuskoar it publyk te boeien en te reitsjen! Dat sit ‘m net allinnich yn de muzikaliteit en fariaasje fan ús optredens, mar seker ek yn ús entûsjasme, ferrassende akts op en foar it poadium en it praatsje tusken de ferskes. Op bekende melodyen skriuwe wy sels ús teksten, altyd yn it frysk. Dy teksten kinne hiel gefoelich wêze of krekt trochspekt fan in soad humor en selsspot, mar altyd geane se oer saken dêr’t wy froulju yn it libben mei te krijen ha. En dat is in lange list! En, goed om te witten, ek foar net Frysktaligen is de betsjutting fan ús ferskes goed te sjen en fiele.
Us repertoire rint útien fan libbenslied oant pop en country en wy sjonge ien, twa en trijestimmich, mei soms in solo. Tûzen Triennen wurdt begelaat troch pianist Tseard Nauta, gitarist Joop Schulp en dirigint Marcin Rachula. Tegearre mei dizze geweldige muzykmannen meitsje wy fan elk optreden in feestje!
Soesto miskien by ús sjonge wolle?
Sjoch dan foar mear ynformaasje by it kopke Ek by ús sjonge? want der is wer plak foar nije leden!
Us boeke of earst noch wat mear witte?
Jim kinne ús boeke foar jim dielnimmers, meiwurkers, besikers of frijwillichers! Nim dêrfoar kontakt op mei Dieneke, fia de knop Kontakt. Sy sil jim graach ynformearje oer ús mooglikheden en kosten en mei jim in optreden ‘op maat’ regelje, op in middei of jûn.
It hjoeddeistige bestjoer
- Wikje de Vries – foarsitter
- Adrie Okkema – skriuwer
- Marian Drewes – ponghâlder
- Dieneke Hamstra – kontaktpersoan optredens
- Fetsje van der Werff – kontaktpersoan PR kommisje
