Muzyk

Us dirigint en twa muzikanten

Tûzen Triennen stiet of falt mei de begelieding fan dizze trije muzikale minsken. Hjirtroch kinne wy ferkses fan ferskate sjenres sjonge. De jankfodden binnen fansels bleaun, mar meast sjonge wy no wat in oare soart ferskes, fan blues en pop oant swingende gospel.

Jolanda Miedema
Sûnt de hjerst fan 2023 sjonge wy ûnder de swingende begelieding fan ús nije dirigint Jolanda Miedema. Foar Jolanda binne ritme en harmony tige wichtich, it jout ús koar wer in soad nije ynspiraasje.

Joop Schulp
Mei it lûd fan syn beide gitaren jout Joop, alwer fan 2014 ôf, krekt wat ekstra body en sjeu oan ús ferskes. Wy binne tige wiis mei syn ynbring.

Tseard Nauta
Sûnt simmer 2021 is Tseard ús pianist. Hy kin pianospylje as de bêste! Hjirtroch kinne wy in grut ferskaat oan sjenres yn ús repertoire opnimme.

Us repertoire

Tûzen Triennen is ferneamd om har unike teksten. In tal fodden skriuwt dy op bekende melodyen. Somtiden brûke wy itselde tema as it orizjineel. Mar meastal jouwe wy der in eigen draai oan, mei in ûnderwerp dat better past by it libben en de leafde fan ús as froulju.

  • Puppet on a string (Sandie Shaw) is by ús bygelyks: Poepert! (in pear jier yn Fryske Top 100 stean)
  • The Bargain Store (Dolly Parton) ha wy yn in nij jaske stutsen en hyt no: de Vintageshop
  • Big spender (Peggy Lee/Shirley Bassey) hat by ús as titel krigen: Rûchhouwer!
  • De swingende gospel Liefde voor muziek (Raymond v/h Groenewoud) is by ús oerset nei Refurbished (oftewol Opkalefatere)
  • En yn stee fan Something Stupid (Robbie Williams & Nicole Kidman) sjonge wy: Knap ûnnoazel

As de muzykkommisje akkoard is komt it nije ferske op de sjonglist en meitsje wy der ûnder lieding fan de meneuvelkommisje ferskillende bewegings of in grappige akt by.

Nijsgjirrich wurden? Kom in kear del by in optreden fan Tûzen Triennen. Op ús aginda kinsto fine wêr’t wy de kommende tiid optrede.

Of, noch folle better, boek in optreden foar jim feriening, stifting, doarp, ynstelling of organisaasje. Nim dêrfoar kontakt op mei Dieneke. Under it kopke kontakt stiet hoe’t sy te berikken is. Wy kinne mei ús koar in middei of jûn foar jim fersjoargje. Mar jim kinne ús fansels ek boeke tegearre mei in oare akt. Bygelyks mei in oar (manljus)koar, in duo of mei in skriuwer of sokssawat.

Wy hearre graach fan jim!