Thús

Wat aardich datsto efkes op ús ynternetside sjochst.

Spetterjend optreden mei Bluswater op freed 19 april yn Hijum
Wis wêze fan in plakje? Reservearje dan fêst kaarten!
Scan de scankoade en dan komst streekrjocht by dyn bank foar de betelling.
Telefoanysk bestelle kin ek fia 06-52695734. En oars de jûns sels oan ‘e doar.
Oant sjen yn Hijum!

     

Tûzen Triennen yn it koart
Mei ús selsskreaune Fryske teksten, trochspekt mei in soad humor en selsspot, sjonge wy oer saken wêr’t wy froulju mei te krijen ha en dat is in lange list! Mei ús akts op en foar it poadium, bekinde melodyen en ynteraktive presintaasje witte wy de seal altyd te boeien en te reitsjen!

Refurbished
Begjin 2023 binne wy úteinset mei it gearstallen fan ús nije programma: Refurbished.
By dit Ingelske wurd kinst tinke oan: wer opnij brûke, opkallefaterje, sirkulair en opleuke. Foar dit optreden brûke wy âlde ferskes, mar dan krekt efkes oars as earst, en we ha tal fan nije ferskes skreaun oer dit tema. Op sneon 21 oktober hawwe wy mei ‘Refurbished’ in spetterjend optreden jûn yn doarpshûs Britsenburgh, mei de stipe fan ús tydlike dirigint Marjan van der Zwaag en fansels fan ús muzikanten Tseard Nauta en Joop Schulp.

Dêrnei hiene wy in mienskiplik optreden mei Rolling Home yn de Smalle Brug te Stiens. No ûnder de begelieding fan ús nije dirigint Jolanda Miedema. De seal wie útferkocht en it publyk hat genoaten.

De kommende tiid sille wy mei ‘Refurbished’ de boer op. Jim kinne ús dus boeke foar jim dielnimmers, meiwurkers, besikers of frijwillichers!

Us boeke of earst mear witte?
Nim dan kontakt op mei Dieneke, fia Kontakt. Sy kin jim oer de mooglikheden en kosten ynformearje en in boeking op maat mei jim regelje.

It hjoeddeistige bestjoer

  • Wikje de Vries – foarsitter
  • Wietske Sinnema – skriuwer en kontaktpersoan muzyk- en meneuvelkommisje
  • Marian Drewes – ponghâlder
  • Dieneke Hamstra – kontaktpersoan optredens
  • Fetsje van der Werff – kontaktpersoan PR kommisje